Youtube Twitter Facebook

It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Pegasus...

Wy bliuwe wat yn de (hegere) hynstesfearen... Ofrûne sneon wie it Concours Hippique yn Dokkum. En om't in echt hynder te grut is, moat Wilma alle oare (lytsere) hynders yn 'e hûs ha. Dit kear waard in fleanend hynder meinaam. In heliumballon dy't wy fanôf no Pegasus neame. Pegasus hâldt it mar lang fol, want hy sweeft noch hieltyd boppe de tafel. Mar hy wurdt al wat knûkeliger. It duorret net lang mear en dan moat hy belies jaan. Mar oan't salang hâlde wy him oan it lyntsje!
Op 'e achtergrûn al dy moaie rozetten (sjoch it foarige berjocht) dy't Wilma wûn hat.

Pleatst: 29-06-2006 / 20:02 oere - Reagearje?


Yn 'e prizen...

Wilma hat op 5 juny meidien oan in dressuurwedstriid yn Barsingerhorn. En dan ek noch de earste priis winne! Hjoed krigen wy foto's fan dizze dei. Fansels fuortendaliks op 'e side! As jo de earste priis winne, krije jo in oranje rozet. De twadde priis is read, tredde wyt en de fjirde priis is in blau rozet.
www.bucephalus.nl

Pleatst: 27-06-2006 / 23:07 oere - Reagearje?

De moderne master (2)

Mei tank oan: www.dirkjanstrips.nl. It kin wêze dat dizze side net te berikken is, fanwege 'the site owner reaching his/her bandwidth limit...'

Pleatst: 27-06-2006 / 22:37 oere - Reagearje?


Gjin Oranje (slot 2)

Dizze foto hat hjir mei te krijen...

Pleatst: 26-06-2006 / 00:16 oere - Reagearje?


Friesland Vaart (2)

Hoe soe't ek oars...
Mei de Dockumer Skotsploech de Waadseesjongers fan Wierum en de Admiraliteitssjongers fan Dokkum ha wy der wer in moaie middei fan makke. Bysûnder wie, dat wy tegearre mei de Skotsploech twa optredens fersoarge ha. Op bygeande foto sjogge jimme de stjoerman fan de Admiraliteitssjongers as Ketelbinkie fan Rûm Sop... Foar mear foto's sjoch op: www.rumsop.nl en www.shantykoordokkum.nl

Pleatst: 25-06-2006 / 11:23 oere - Reagearje?


Friesland Vaart

Wa soene hjir no wer oan meidwaan??

Pleatst: 25-06-2006 / 10:47 oere - Reagearje?


Concours hippique

Wy hiene it mar drok juster. (Jo kinne ek hast net mear bekomme yn it wykein...) Dokkum stie juster yn it teken fan Friesland Vaart. Der wiene yn 'e stêd alderhande aktiviteiten. Sa wie yn it Tolhúspark it jierlikse Concours Hippique. Om't Wilma yn 'e organisaasje sit, der even hinne fansels. Hjirby in lytse foto-ympresje. En as jimme goed sjogge, sjogge jim ek noch in oantal bekenden...




Pleatst: 25-06-2006 / 10:46 oere - Reagearje?


It skoallereiske...

It feroaret ek neat. It skoallereiske bliuwt it skoallereiske. Sa hiene wy juster wer ús jierlikse útstapke. Dit kear nei de de bistetún fan Emmen. Elk jier ha wy wer in oare bestimming en dit jier wie Emmen mar wer ris oan bar. It bliuwt moai en it park feroaret alle jierren wer. Der is ek in lokaasje bykaam: Noorder Dierenpark Es. Dan moatte jo wol in aardich ein kuierje, troch it sintrum fan Emmen en dan oer in rinbrêge.Wy bin dêr mar net west. Wy kamen tiid te koart om alles te sjen en de bern moasten ek noch even boartsje fansels.
It wie wer tige slagge... Sa as elk jier wer. Wer mei tassen fol iterij en drinken en wer in master dy't oerladen wurdt mei snoepkes en 'net lekkere' koekjes. Wer foar de 25-ste kear ûnder de banken en wer bern dy't fol ferhalen thúskomme en grutsk harren âlders de selskochte snústerijen sjen litte. It skoallereiske bliuwt it skoallereiske...
Sjoch foar mear foto's op: www.itlemieren.nl

Pleatst: 23-06-2006 / 16:25 oere - Reagearje?


Túch...

Eins ha ik mar in hekel oan alle bestridingsmiddels. Doe't ús buorman jierren ferlyn mei de sproeibus op 'e rêch ús paadsjes sproeide, sei ik tsjin him dat dat om my net hoegde, alles waard der sa giel fan...
Mar no flean ik sels mei in sproeiflesse Roundup lâns de tegels. Ik moat sizze it is wol maklik. Wilma sei al, ik ha der ek wol wat oars foar en se kaam mei in skoffel oansetten...
No wie'k sneon ek wakker oan 'e gong doe't buorman it paadsje opkaam. 'Wat docht buorman dêr?' Ik moffele de sproeiflesse fluch achter de rêch en sei: 'Ik jou it tegelpaad keunstdong, wurdt it hiel moai fan!' Buorman hie it fansels wol yn 'e gaten en doe ha ik him de flesse mar sjen litten. 'Toe mar, ek noch wol Roundup©, do meist it allegearre samar sproeie en wy moatte ús hâlde oan alderhande foarskriften en ha diploma's nedich as wy it brûke wolle..."
En dêr hie buorman fansels wer gelyk oan. It falt hjoed oan de dei net ta om jo berop as bouboer út te fieren. Dêrom hâld ik it mar by skoalmaster...

Pleatst: 20-06-2006 / 21:08 oere - Reagearje?


Transporter

It mei dúdlik wêze dat ik in swak ha foar VW's en VW Transporters. No fûn ik op ynternet in prachtige side oer de nijste Disney Pixar animaasje-film Cars. En lit dêr no ek in transporter yn meispylje! De oerpake fan alle transporters fan VW: de T1
www.wakebus.com

Pleatst: 18-06-2006 / 14:56 oere - Reagearje?


Boerewein...

No moasten wy mei Klún & Knoffelhakke freedtejûn yn Wommels optrede. (Wommels hat net iens in eigen webside...) Dêr wie doarpsfeest. No kaam dat net sa moai út, want Nederlân moast fuotbalje, net dat ik dêr sa wekker fan lis, mar it soe fêst fan ynfloed wêze op it tal minsken dat komme koe. It fuotbaljen wie wol foar achten dien, dat wie wer yn ús foardiel, mar alles is hjoed oan de dei ôfstimd op it WK. Wy hiene ôfpraat dat wy net te let fuort soenen, want by Ljouwert wie ek noch alles yn 'e hobbel fanwege de fleauntugen. Moai op 'e tiid kamen wy yn Wommels oan, dat wy koene fêst noch in pear minuten fan Oranje meinimme.

Mar it pakte alhiel oars út! Ek de muzyk wie al oan it opbouwen en it poadium wie net rûm en beskikber foar ús. De kommisje ornearre dat wy mar op in âld rustige boerewein spylje moasten. Yn in lawaaierige feesttinte, mei sweven en botsauto's op 'e achtergrûn. Dat de stoppen sloegen troch. Moai op 'e tiid en dan sa'n rommelich plak om te spyljen! Namen se ús wol serieus? Hjir hiene wy gjin nocht oan! Wy moasten op in poadium en oars giene wy wer nei hûs.

De feestkommisje hat alles besocht om ús op it poadium te krijen, mar de band hâlde harren ein fêst en woe net oan 'e kant. Doe kaam der ien fan 'e kommisje op it idee om yn 'e boppeseal fan it Reade Hynder te spyljen. Dat wy derhinne. It wie in moaie rêstige lokaasje en tige geskikt foar ús stik. Dat it moast mar trochgean! Yn 'e boppeseal stiene wol allegearre midgetgolfbanen, mar dy hat de kommisje der hurd útsjoud. Wy fluch opbouwe en wy koene noch kret it lêste kertier fan Nederlân - Ivoorkust meinimme. Under yn it Reade Hynder wie in grut skerm, it koe net moaier.

It sealtsje rekke moai fol en wy ha prachtich spile. De minsken wiene entûsjast en ek de kommisje hie it oer 'de moaiste kabaretjûn yn jierren.' Se wiene der no fan oertsjûge, dat sa'n jûn net mear yn 'e tinte moast, want yn in seal komt it folle better ta syn rjocht! 'Jim stik hie ek net kinnen yn in tinte...' Wy fertelden dat wy dat yn Hantum al jierren diene: it stik yn it doarpshûs en it feest yn de tinte.

En sa hie dizze jûn, mei in falske start, dochs noch in goed en gesellich ein. It moat sein wurde dat de feestkommisje fan Wommels der alles oan dien hat om ús temjitte te kommen, want se hiene sels ek wol yn 'e gaten dat se ús kontrakt net goed lêzen hiene.

Ik moast wol tinke oan de midsieuwske wagenspelen. Doe wie it spyljen op sa'n wein hiel gewoan. Mar lokkich kamen de minsken út Wommels derachter dat wy no yn de 21-ste ieuw libje!

Pleatst: 18-06-2006 / 12:47 oere - Reagearje?


Brief...

Dat wie prachtich! In brief fan ús heit en mem, skreun troch ús heit. Hy stjoerde in pear moaie foto's fan harren 55-jierrich troufeest. Hy skreau:
Hoewel al niet meer zo van deze tijd toch deze foto's van ons 55 jarig huwelijksfeest. Het was geweldig! Omdat er door mij niet meer zoveel gefotografeerd wordt, duurt het soms bijna een jaar eer de film vol is...
Om't ik in protte foto's makke hie fan dat feest, stie ik der sels hast net op en fandêr dizze foto's. Moai soks...
Op bygeande stean ik kreas op de foto mei myn broer. En de foto yn de Ljouwerter krante fan hjoed oer de occasions by Van der Heide, dat wie net myn broer mar gewoan in ferkeaper. Want myn broer sjocht der sa út!
Autobedriuw Van der Heide

Pleatst: 15-06-2006 / 21:38 oere - Reagearje?


Muzikaal Kameleondoarp (3)

No, dat is ek wat! Ik mar skriuwe dat wy mei noch fjouwer oare koare útnoege wiene yn Terherne. Grutte flater, wy wiene mei fiif oare koaren útnoege. Hie ik de Bakhusterheech Sjongers fergetten. Komme se ek noch wol út Gaasterlân. En dat net allinne, de akkordeonist hie deselde (it selde type) akkordeon as my... Om it goed te meitsjen, hjir in foto fan it koar.
Op de side fan Rûm Sop moaie foto's fan Terherne!

Pleatst: 14-06-2006 / 23:59 oere - Reagearje?


De mosken fan it dak...

Waarm... It wie in drege dei, mei in klaslokaal fol switterige bern. Der kaam harren net folle troch de hannen. Se wiene wat hingerich en net foarút te baarnen, nettsjinsteande de waarmte... Middeis mar even in bekerke ranja en wy koene der wer tsjin oan. Sels mar rêstich bliuwe en dan komme jo sa'n dei wol troch. Mar wy sille net kleie oer it waar, want dat is prachtich!
Hittegolf
Ranja

Pleatst: 13-06-2006 / 23:45 oere - Reagearje?


Muzikaal Kameleondoarp (2)

Noch even in plaatsje by it praatsje fan juster. Mei tank oan de Admiraliteitssjongers fan Dokkum.

Pleatst: 12-06-2006 / 23:05 oere - Reagearje?


Muzikaal Kameleondoarp

Juster wiene wy mei Rûm Sop útnoege foar it shantyfestival yn Terherne. Wy, en noch fjouwer oare koaren, mochten dizze middei de omjouwing fan it doarpshûs de Buorkerij wat opfleurje. Dat slagge tige by tige. Spitigernôch wiene wy mar mei yn lyts ploechje, dat wy sieten earst al wat yn 'e mineur. Steane wy net foar joker mei sa'n lyts koar? Mar hawar, it wie moai waar en ien fan ús leden sei: 'Wy geane net út fan in heal leech glês, mar fan in heal fol glês'.

En it pakte goed út! De earste sessy wie noch wat ûnwennich, mar by de twadde sessy hiene wy it publiek mei ús trijetalige Lijflied en de Húskekanon alhiel op ús hân. Wy krigen in protte komplimenten: Jimme ha wol in hiel gesellich koar, tink? En leden fan de Dokkumer Admiraliteitssjongers woene spontaan nei ús oerrinne. Sa as gewoanlik moatte wy it net ha fan ús deeglike muzikale ûndergrûn, mar fan ús spontaniteit, entûsjasme en humor.

Moat sein wurde dat de oare koaren ek prachtich wiene! De Stuyvesant Sailors út Wolvegea makken wol hiel bot yndruk mei harren prachtige lieten en muzikaliteit. Mar ach, sa hat elk koar syn 'kwaliteiten' sille wy mar sizze...
De oare dielnimmende koaren:
Ballêst oer Board - Shantykoar fan Terherne
De Vliegende Hollander - Shantykoar fan Emmeloord

Pleatst: 11-06-2006 / 13:45 oere - Reagearje?


Oer de hage... (2)

Moarn wer fierder... Sa stie oan it ein fan myn lêste berjocht. Wy binne no alwer in dei fierder en juster ha ik it yndie ôfmakke. It stiet der wer kreas foar, foar salang as it duorret... Dit plaatsje heart eins noch by it ferhaal fan freed. Mar doe wie it te tsjuster om in foto te meitsjen.

Pleatst: 11-06-2006 / 13:31 oere - Reagearje?


Oer de hage...

Moast dochs in kear gebeure... Hage knippe. As jo neat oan de hage dogge, dan groeit it alle kanten út. It âld haagje wurdt al wat wyld: in protte dea hout, frjemde gatten en oare strûkjes der tusken. Wy litte it mar wat gewurde. It stiet wol moai. Mar sa as sein, je moatte it al wat byhâlde.
It wie in moaie jûn en tige geskikt om wat te túnkjen. Healweis bin ik mar ophâlden, want ik wol de buert ek net wekker hâlde mei it gerattel fan de âld Black & Decker. Moarn mar fierder...

Pleatst: 09-06-2006 / 23:07 oere - Reagearje?


It hiernetsje...

De bern op skoalle binne wakker yn 'e slach mei toufigueren. It is mar simpel: pak in eintsje tou, knoopje dit oanelkoar en meitsje mei dyn hannen der alderhande figueren fan.

Froeger diene wy soks ek al, allinne yn dizze digitale tiid soene jo hast tinke dat sokke ienfâldige spultsjes net mear dien wurde. Net dus! Hast de hiel klasse is oan it pjukken mei in eintsje tou. En dan my mar freegje: kin master it hiernetsje wol? No, dat ha ik ea wol kinnen, mar ik soe net mear witte hoe dat giet. Boppedat ha'k net safolle hier mear, dat in netsje hoech ik ek net te brûken... It begjin wit ik dan noch wol, mar dêrnei rekket it toutsje yn 'e tiis en ha ik net in hiernetsje, mar in bultjse knopen.

En hoe is't mooglik, hoe't hiernetsje makke wurde moat is op it ynternet te finen. Dat de bern moarn mar mei in eintsje tou achter de kompjûter en dan mar besykje. En dat is dan wol wer moai: in âld spultsje kombinearje mei in hjoeddeisk medium...
Touwfiguren.pdf
Touwfiguren maken

Pleatst: 08-06-2006 / 23:04 oere - Reagearje?


Gjin Oranje (slot)

Dat is helle... (Sjoch 2 juny) En ik bin bliid dat ik net mear as 6 foto's hoech te sykjen. Want it foel my ek noch ôf! Foardiel is wol dat jo al jo foto's wer ris besjogge. En dan ha wy al hiel wat makke de ôfrûne 5 jier! Der sitte ek foto's tusken dy't je sa fuortgoaie kinne. Dat is wer in neidiel fan digitale plaatsjes, je bewarje alles! Moat mar ris in reinige fakânsje komme, kinne wy moai foto's fuortklikke... It is hast in digitale skuondoaze!

Pleatst: 07-06-2006 / 23:12 oere - Reagearje?


Gjin Oranje (5)

Dit is ek wol wer in hiele aardige foto. En dit plaatsje hat ek hielendal neat mei fuotbal te krijen. It is in blêd mei it reglemint en de poule yndieling foar it strjitkeatsen, hâlden op 14 july 2001. (Doe hiene wy krekt ús digitale kamera en alles moast op de foto fansels...) Tafallich printe op oranje papier. En dat komt my no wer moai út!

Pleatst: 06-06-2006 / 22:58 oere - Reagearje?


Gjin Oranje (4)

Ik moat earlik sizze: it te min oan ljocht soarget foar in oranje sfear...

Pleatst: 05-06-2006 / 23:23 oere - Reagearje?


Eltse Pinkstermoandei...

Alve Stêdenliet

Pleatst: 05-06-2006 / 16:41 oere - Reagearje?


Gjin Oranje (3)

Pleatst: 04-06-2006 / 13:29 oere - Reagearje?


Koskiten...

'It is de boer allikefolle, as de ko skyt as de bolle...' Sa begjint ien fan de ferskes dy't wy sjonge mei ús koar Rûm Sop. Justerjûn hiene se yn ús buordoarp Brantgum koskiten. De ynlis wie 7,50 en as Klaske 46 yn dyn fakje skiet, dan wiest winner fan 500 euro. Sa'n ko moat al in reden ha om te skiten, dat de kommisje hie Rûm Sop útnoege om de oandrang te ferheegjen...

It waard in gesellige jûn, mei in protte minsken dy't yn spanning sieten. 'Soe de ko yn myn fakje skite?' It wie wat in anty-klimaks, want Klaske wie noch mar amper de trailer út as dêr gie it al hinne. Wie hiene noch mar twa ferskes songen... Eins koe de hiele boel nei 10 minuten al wer nei hûs. Winners wiene in pear âldere Brantgumers en elkenien fûn it moat dat sy de priis yn 'e wacht sleepten.

Om't de kommisje graach ha woe dat elk noch even sitten bleau, wie der noch in rûnde foar 50 euro. Wa't dy wûn hat, witte wy net, wy yn elts gefal net. Wy ha noch moai wat ferskes songen en sa waard it dochs noch gesellich. De winner kaam letter noch by ús mei in bearenburchje yn 'e hân. Wy songen doe krekt: 'Aan het strand stil en verlaten...' Hy deinde wat mei en sei doe it ferske út wie: 'Dat songen wy froeger ek yn Yndië, ik toch al, wat komt my dat bekend foar. Mar ik soe it net mear meisjonge kinne...' En mei de hân stiif op 'e binnenbûse, stifele hy wer fierder.

Nei ôfrin ha wy noch even noflik sitten yn ús doarkpskafé. En it aardige wie, dat de Brantgumers ek noch delkamen. Wat is it libben dan moai...
Foar mear foto's: www.nofriesland.nl/brantgum
Doarpshûs de Terpring

Pleatst: 04-06-2006 / 13:13 oere - Reagearje?


Gjin Oranje (2)

Mei Sinterklaas wurde by ús op skoalle skuon opset... Ja, de radiators binne by ús op skoalle allegearre oranje!

Pleatst: 03-06-2006 / 141:31 oere - Reagearje?


Belibje...

Soms kinne jo hiel wat belibje op in dei. Fansels earst mar oan it wurk. Der moat ek bôle op 'e planke komme. De middeis hie'k ADV, mar ik hie wol in âlderbesite ynpland. Siet noflik en om kertier foar twaen al oan 'e kofje. De minsken wennen dêr prachtich en wiene o sa gastfrij...
Jûns hiene wy mei Klún & Knoffelhakke in putsje yn Moddergat. De famylje Basteleur iepenen in teehúske, flak by de seedyk en de fiskershuskes, en wiene ek noch 25 jier troud. Wy moasten de boel mar wat opfleurje. Mei twa koffers en in akkordeon binne wy dy kant útstutsen en ha der in noflike jûn fan makke. Minsken wiene o sa tefreden. En dan binne wy it ek.
Nei ôfrin ha wy noch even oan it evaluearjen west yn de Refter (it wurdt hast gewoante...) en dêr moeten wy in jonge út Noarwegen. Hy hie ferkearing mei in famke út Sweagerbosk. Se hiene elkoar moete op in kamping yn Denemarken. Se wiene de pinsksterdagen even oer, want se wennen no yn Noarwegen. De Noar prate tige goed Ingelsk en wy ha in hiel petear hân. Dat de drank sa djoer wie yn syn bertelân (acht Euro foar ien pilske...), dat in sosjale stelsel ta ien fan 'e bêsten fan de wrâld rekkene wurde koe en dat it in prachtich lân is om yn te wenjen. Aardich om soks te hearen. Nei't wy noch in âlderwetsk hapke hân hiene, dochs mar wer op hûs oanstutsen. En ik wie ek noch wat draaierich yn 'e holle, mar dat sil wol fan al dat Ingelsk kaam wêze... ;-)

Pleatst: 03-06-2006 / 14:31 oere - Reagearje?


Gjin Oranje (1)

De earste is in 'makkie'...

Pleatst: 02-06-2006 / 18:17 oere - Reagearje?


Utdaging...

Juster hie ik it wakker oer it oranjegefoel. Dat ik der eins neat fan ha moat. No like it my wol aardich om mei mysels in útdaging oan te gean. Sa as it bygeande tellerke (fan de side www.vi.nl) oanjout, duorret it noch 6 dagen oan 't der ôftraape wurdt op it WK. Ik sil besykje om elke dei in foto út ús eigen (digitale) fotoalbum te plukken dy't oranje is, mar dy't neat mei it Oranje ye krijen hat. As jimme de earste foto sjogge, dan begripe jimme fêst wat ik bedoel. Soe it my slagje (en ik ha noch net iens sjoen...) om 6 foto's te finen? Ik tink it hast wol... (oh ja, ik mei se net bewurkje fansels...)

Pleatst: 02-06-2006 / 18:09 oere - Reagearje?


It oranjegefoel...

Werom nei Gjin Oranje (slot 2)
Der binne kollega's dy't it hiele lokaal oranje meitsje wolle. En it is noch net iens begûn! Net dat ik ús nasjonale âlvetal net stypje wol, ik sit der fansels ek plat foar, mar om alles no sa te oerdriuwen giet my wat te fier. It wurdt jo sa opdrongen. Krekt as heare jo der net mear by as jo neat yn it oranje ha! Dan wurdt ik dwêrs en wol ik krekt alles yn it read as soksawat. Hokfoar lân makket my dan ek noch net iens út. Meidwaan oan de massahystery is neat foar my.
Ik bin krekt as de jiskemannen dy't klage om 't yn de stêden en doarpen de oranje flachjes sa leech hingje dat se de linen stikken ride mei de jiskeauto. Gewoan trochride, jammer dan, jimme witte dat wy hjir alle wiken komme. Gewoan je wurk dwaan, yn gewoane klean, yn gewoane kleuren en yn in wurkomjouwing dy't neutraal is. En Nederlân gewoan oanmoedigje as se spylje moatte.
No fuort dan mar: in Oranje Hammer kin der dan noch ôf... Sjoch: Het Oranje Gevoel (út de Hichtepunten fan juny 2004)
En alle 'gekken' byelkoar:
Oranjegekte

Pleatst: 01-06-2006 / 19:54 oere - Reagearje?